Snitswike 2009
De Snitswike: in wike lang sûpe as in gek, mei hûnderten jongeren twa WC’s diele, en eltse moarn wekker wurde mei in kater en in bek as in gympie. Moast der mar nocht oan ha. De hiele dei foute muzyk fan Douwe KA en Aart Lus & Ed Lip om ‘e kop. En as klap op ‘e fjoerpylk kinst ek net útsliepe ast wolst.
Moarns stiet der nammentlik in echt dweilorkest neist dyn tinte om dy wekker te blazen. Ach, kinst it bêste mar in smile op ‘e bek sette en krekt as dizze jonges mei in bierke yn ‘e hân rêstich wekker wurde.

















