Studio 18 siket figuranten!
Miskien kinsto se wol fan de “Krantenpret” en “Sneeuwpret” filmkes hjir op Froeks.TV, of oars fan dizze eksplosive fideo: de jonges fan Studio 18 út Harns. Se binne no drok dwaande mei har earste lange film: “Onnozel”. Ien kear riede yn hokker sjenre we ‘m pleatse kinne...
De premiêre fan ‘e film sil op 2 oktober yn Trebol yn Harns wêze. Mar foardat it safier is sille de manlju op 14 augustus noch in sêne draaie yn it krematoarium yn Goutum en dêr hawwe se in soad figuranten by nedich.
Dus... hasto noch in swart bloeske en kinst in droevige kop opsette? Mail dan efkes nei Thomas fan Studio 18 of gewoan nei ús, komt it ek goed.

















