De Hûnekop - Ien, twa. trije
Strawelte hat in opfolger! It hat in skoftke duorre, mar de Wâlden stien op it punt in nije legindaryske band út te poepen: De Hûnekop. Autentike Wâldhumor en rûch as tou. De manlju fan De Hûnekop libben op pizza’s, bier en sjek en binnen de smoarichste memmebatsers fan Fryslân. Lock up your daughters! Optredens hawwe se noch net hawn, mar eind augustus kinst derby wêze yn Harns, op 11 septimber is it debút yn ‘e Wâlden en op 26 septimber spylje se op it Freeze Festival yn Ljouwert. myspace.com/dehunekop

















