Foar dyn hippie-beppe

Alris neitocht hoesto nei dyn grêf riden wurde wolst? In dikke Jaguar of in Ferrari sil fansels it tofst wêze..Al sjoch ik it sels wol sitten om troch tsien lekkere keardels droegen te wurden.
Anywat, it is in bytsje te betiid om oer dyn eigen begraffenis nei te tinken.
Mar foar dyn hippie-beppes dy't foarhinne de hiele nacht trochfeestje op Jimmy Hendrix en dêrnei de leafde bedriuwe yn in Fryske heabult is dat in hiel oar ferhaal. Foar alle sixtees-beppes hat de Brit Matthew Shuter in wein út de jierren '90 kompleet pimpt. Mei in komplete flowerpower pimp jout hy in âlde lykwein in nij libben. Wis dat dyn beppe yn dizze hippe bak nei har lêste rêstplak brocht wurde wol. In grutte kâns dat sy nei it sjen fan dizze bak har hiele begraffenis omgoait en it yn ien grutte blommen- en kralenbinde omdoopt.


















It liket mij wol wat!
No, no!!!