Ljedder-frije panty's

It is wer safier: de sneontejûn! Dêr giest dan, yn dyn rokje, op dyn hakjes en dêrûnder dien brandnew panty tegearre mei dyn freondinnen lekker stappe yn NOA.
Na fiif passoa-sjuutjes krijst hege need, dus op nei it húske! Ready foar de fiif neikommende passoa-jus hyst de hiele hannel wer omheech en foardast it yn’e gaten hast - ek al dochst it nóch sa foarsichtich - sit der al wer sa’n 'stearway to heaven' yn dyn hoas, MOAI! Foar de jongens dan...
De eigener fan it merk Lycra tinkt de oplossing te hawwen: de Lycra Fusion-tried. Dizze soe sterk genoch wêze om dy treptreden yn dyn panty te foarkommen. Yn 2010 sille ferskillende panty-produsinten de trieden brûke.
Dussss dames: fan kommend jier ôf gjin geklooi mear mei trochsichtich neillak, holadiejee!!

















