Slaanderij yn de TDF

Hast krekt lekker op stap west yn The Dance Factory, wat baco's op, flink oan it flirten west mei in pear keardels en dan is it tiid om nei hûs te gean. Jas ophelje en dan de kjelt yn. Steane dêr ynienen 150 man los te gean op de plysje. No ja! Dan kinst twa dingen dwaan: dyn fris lakte neiltsjes yn de striid goaie en meifjochtsje om it wer waarm te krijen. Of pakst rap in taxi om sûnder blaue plakken ûnder de wol te krûpen. Nei alle gedachten silst foar it lêste kiese, mar 150 jonges yn Berltsum tochten it earste, dikke slaanderij dus.
Neffens de eigner fan de TDF gong it allegear net sa mal. Neffens him wie der 'mar' 35 jongerein oan it knokken. "150 razende jongerein begûnnen harren mei de slaanderij te bemouien, hieltyd mear fan harren kamen yn ferstet tsjin de plysje." neffens in wurdfierder fan de plysje. Fjouwer jonges binne fuort en daliks oppakt. Op it stuit praat de plysje mei tsjûgen en útsmiters. De plysje tinkt dêrom dat sy noch wol wat mear jongerein oppakke sille.

















