Kitesurf s c o r e
Wow!! Dit is nochris in sterk staaltsje kitesurfe. Wêr YouTube faak fol steat my kitesurf fails (hjir, hjir, hjir enne... hjir) binne Jake Scrace en Lewis Crathern út Ingelân de bazen. Mei in flinke wyn yn de kites woene se besjen ôf it mooglik wie oer in Pier te fleane. It liket as't der net in soad bart yn it filmke, oant de wyn Scrace oppikt en sa'n 30 meter de loft yn tilt, oer de pier hinne.
Crathern en Scrace binne pro's en hawwe mear as trije jier wachtsje moatte foar de ideale omstannichheden. Don't try this at home dus.

















