Dixi - Tryater
Dixi4+ .
Oer wachtsjen en pisjen en pisjen en wachtsjen. Twatalige beukerfoarstelling.
Tink dy ris yn: hast hege need, mar sitst nei in foarstelling te sjen. Dan moast wachtsje. Tryater komt mei in foarstelling dêr’st net by hoechst te wachtsjen. Kinst gewoan gean. Of miskien moatst al even wachtsje, want miskien komt der nóch in plas... De foarstelling follet de tiid tusken de iene en de oare plas.
Wachtsje is in gek begryp foar beukers. Want se wachtsje wat ôf; op in jierdei, op freontsjes dy’t te boartsjen komme, op it grut wurden. Altyd mar wachtsje, wylst tiid har noch neat seit. Goed beskôge bestiet der eins hielendal gjin wachtsjen foar bern. Want is it noch wachtsjen op momint datst al wer mei hiel wat oars dwaande bist en fergetten bist wêrst ek al wer op sietst te wachtsjen?
Dixi is ûnderdiel fan it Brûst fan Tryater. Oant en mei 25 april 2010 strykt Tryater del op ferskate lokaasjes yn de provinsje. It Brûst is in teaterfestival dat trije Tryaterfoarstellingen omfettet: Dixi foar beukers, MOOF troch Jong Tryater en Diplodocus Deks foar folwoeksenen
Mear ynfo of kaarten: www.tryater.nl

















