Elise docht de Bijtijds-shoot
Wat in prachtich famke is it dochs, ús twadde plak winner fan ús modellenwedstriid: Elise Dijkstra! Se hat yn april in fotoshoot wûn yn de finale fan de modellencontest en ôfrûne moandei wie it safier. Fotograaf Jeroen Horsthuis fan Bijtijds, de lifestyle bylage fan de Leeuwarder Courant hat har foar de kamera hawn yn it swimbad
De foto’s sille gau yn de krante komme. Hâldt dus de Leeuwarder Courant yn’e gaten...

















