Learaar woartellûken ûntmaskerd
De wiskundedosint spyle in rol (ahum!) yn een film fan ús nasjonale trots (nochris ahum!) Kim Holland.
En porno en lesjaan gean no ienkear net tegjearre. Utsein by seksuele foarljochting. Doe’t de direksje fan de Katolyke skoallemienskip Almende yn it Efterôfhoekse Silvolde hjir troch learlingen fan op ‘e hichte brocht waard, hawwe se him op non-aktief stelt. Ien en ien is nul. Dat immen, dy’t yn syn frye tiid dingen docht die dy’t neffens deselde direksje net kinne, der dan frije tiid foar krijt is logysk. Katolyke ynstellingen en bern binne sawysa in gouden kombinaasje.
De grutte fraach blieuwt wa’t harren learaar op it internet fûn hat. De bêste man droech in masker yn de film, mar is wierskynlik werkend oan sien wiskundeknobbel.


















