Osama dea = goedkeapere benzine
Osama Bin Laden is dea en de oaljepriizen gean omleech. Ideaal foar ús sunige Friezen. Mar wat betsjut de einliks?
Wierskynlik slaat nei de feeststimming de twivel ta. Wierskynlik komme der allegear nije documentaires my complottheorieën dy’t oanwizingen leverje dat Bin Laden CIA-agent is. Der sil twivel bestean bliuwe oer de belutsenhyd fan Al Qaeda by de oanslagen fan 11 september. Ek sil der speculeart wurde oer de dea fan Bin Laden. Want, is hy wol echt dea? Sit de Al Qaeda-lieder net gewoan yn Amerika? Wa hat de VS yn’e see dumpt?
Earlik sein, makket it net sa folle út. Sa lang de benzine by it tankstasjon der goedkeaper fan wurdt, moatte wy net eamelje. Ferskil tusken in deade of libbene Bin Laden fernimme wy dochs net yn Fryslân.


















