Obesitas is besmetlik!
Ja, it is safier, obesitas has gone airborne. Defcon 1, koade read. In pear oeren yn in romte mei in pear geselliche dikkerds?
Hoppakee, fiif kilo der by. Efkes in fêste McDonalds klant neistare wylst hy noch in hamburger nei binnen wurket? BAM! Tsien kilo oan'e bilch. Lekker skyte op in húske wer't krekt immen mei 'swiere bonken' sitten hat? Fuort sixpack en op nei de winkel foar in nije swimbroek of bikini.
Neffens de ûndersykers fan de Arizona State University is obesitas de nije Mexicaanse griep. Komt samar fanút Amerika oerwaaien nei Europa. Dikkerds binne gesellich en at it gesellich is wurdt der faak in protte iten en donken, mar beweging is der net by. Mei dikke minsken omgean liedt dan dus tot grouwens. De dikke en de dunne? Bestiet net. Dikke maten wol.

















