HANTLIEDING FOAR SEKS
Wêrom komme d’r jierliks yn Nederlân safolle minne kampanjes út? Alderraarst hoe min bining dy bobo’s dy it betinke mei it folk en de jongerein hawwen…
Sa blykt ek mar wer út ‘e nije kampanje fan it GGZ. “Maak seks lekker duidelijk” neame se it (sjoch filmke). As oft jim earst mei mekoar om tafel gean en grinzen gien ôfprate. Sil foaral lekker gean ast yn in lûde diskoteek stiest. En no bringen se foar manlju (ja manlju!) in boxer út wêrop te lêze is “Ik wil niet meteen een hand in mijn broek” yn rôze letters. Serieus, welke man giet dit no drage? Lekker boppe dyn baggy jeans út komme litte. Tocht it net. Fail.

















