Froeks docht Serious Request!
Fanôf oankommende moandei 12 oere sette wy ús yn foar Serious Request, de jierlikse aksje fan 3FM. Froeks.TV stjoert 48 oeren lang live út fia ynternet en hâldt twa dagen lang ferskate aksjes. Neist de live programma's stjoere we ek klassiekers en hichtepunten fan 3 jier Froeks.TV út. Hâldt fanôf moandei de stream yn'e gaten en kom de redaksje in besykje bringen!

















