Froeks.TV

Om te kunnen uploaden moet je ingelogd zijn Om te kunnen stemmen moet je ingelogd zijn

Registrearje no en rate dyn favorite fideo

Wachtwoord vergeten Ik wil mij registreren

Upload dyn eigen filmke




 

selecteer bestand

toon kanalen

  • kanaal: Froeks.TV Redaksje

    Folgje hjir de aventoeren fan Ricardo, Renske, Maeike, Douwe, Timo, Ganna, Rikst, Laura…

  • kanaal: Kunstbende 2011

    Check hjir alle filmkes fan Kunstbende 2011. Yn 'e grutte en lytse seal binne alle acts…

  • kanaal: Kunstbende 2012

    Het kanaal van de Friese voorronde van Kunstbende 2012!

  • kanaal: Froeks The Movie

    Froeks.TV giet yn 2012 in spylfilm meitsjen! En do kinst de haadrol spylje! Kinst sels…

  • kanaal: Soap: De Âlde Fabryk

    Online! De soap "De Âlde Fabryk" stiet online, check de ôfleveringen…

  • kanaal: Froeks Flipt

    Liftsto fan ‘t simmer nei Iran? Of silst op toernee mei dyn band troch de States of…

  • kanaal: 3VOOR12 Friesland

    Het kanaal van 3VOOR12 Fryslân, de Friese tak van het grote 3VOOR12 van de VPRO met…

  • kanaal: SjONG

    SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis fan 12…

  • kanaal: Froeks docht Serious Request

    Foar Serious Request 2011 giet Froeks 48u live útstjoere om jild yn te sammelje foar…

  • kanaal: Fryslân's Hottest Student

    Fryslân’s Hottest Student! De foarrondes fine plak yn ferskate winkels…

  • kanaal: Heale Soal Produksjes

    Hagoeie. ------------------------------ Wy binne 2 jongemannen ut Ingwierrum: Jacob van…

  • kanaal: Clipzone

    Clipzone, het kanaal voor muziekvideo's

  • kanaal: Kleine Prijs van Fryslân

    De Kleine Prijs van Fryslân is dé bandcontest van de koudste provincie van Nederland.…

  • kanaal: Noordelijk Film Festival

    Op it Noordelijk Film Festival binne elts jier in soad moaie films te sjen. En dat dit…

  • kanaal: De Hûnekop

    Check hjir alle filmkes fan De Hûnekop!

  • kanaal: Fryslân’s Next Topmodel 2008

    Word Fryslân’s Next Topmodel! Mear info: Klik op'e banner rjochts!

  • kanaal: Fryslan's Next Top Model 2010

    Lola Bult (15) uit Leeuwarden heeft zaterdagnacht Fryslân’s Next Top Model 2010…

 
872 keer bekeken

Alle krystgekte yn 'e lift

De krystdagen binne gelokkich wer foarby. It wie de waarmste kryst yn hast 40 jier. Mar it kwik fan 'e termometer is net it ienichste wat mei de feestdagen yn 'e lift sitten hat.

De nuddels fan 'e krystbeam lizze hjir en dêr noch as in tekken op it laminaat. Mennich gourmetstel stjonkt noch in bytsje nei fan it oansette bargefleis. Lege wynflessen op it oanrjocht en in ôfgryslike wâlm fan bedoarn fretten komt dy yn 'e mjitte at de kuolkast iepene wurdt. It binne de bekende ferskynselen dy't drekst nei de jierdei fan in bekende bibelske profeet komme. Mar foar guon pakte de kryst oars út dan op foarhân planne wie. 

Yn Tilburg hat in famylje op twadde krystdei fêst sitten yn in lift. It trijetal, twa broers en in suster, wienen ûnderweis nei de rest fan 'e famylje foar in krystdiner. De âldste telch fan de trije bloedferwanten woe earst syn nije wurkplak showe oan syn broerke en suster. De keardel wie sa entûsjast, dat it útstapke nei it nije kantoar in út de hân rûne rûnlieding waard. Doe't se ek noch op besite by it âlde kantoar gongen, sloech it needlot ta.

'Efkes gau mei de lift om earder oan tafel te sitte', wie it idee. It wie nammentlik kryst en it trijetal moast noch oan de kalkoen. Spitigernôch pakte it plan fan de Brabo's net sa goed út. De lift sei: "Doch it sels mar!" It gefolch wie, 17 oerkes fêst sitte yn in metalen kiste dy't alle foarmen fan tsjinst wegerde. Dick Maas soe hjir hast in twadde film op baseare kinne. De famylje út Tilburg koe neat oars as wachtsje op help, omdat se gjin mobile telefoan by sich hienen en de telefoan yn 'e lift ek stikken wie. 

De trije ûngeloksfûgels hawwe in jûn en in nacht harren miich en skyt ynhâlde moatten. Pas op tiisdeitemoarn binne se troch personiel út de lift befrijd. Fan 'e krystkalkoen wie ek neat oerbliuwn foar de liftaventuriers. Sy hawwe noch de smoar yn dat se de trep net nommen hawwe. 

Reageer

Maak een profiel aan