Man fan 167 oanhâlden
Yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei hat de plysje in man by Tjerkgaast oanhâlden. Doe't de auto fan dizze man as in sylskip oer de dyk laveerde, tochten de blauwe mantsjes: 'Dizze is foar ús!'
De plysjemantsjes joegen de man in stopsein, want de slogan fan de plysje op 'e Fryske dyken lûdt: 'Laveren doen we op de Friese meren!'
Doe't de skipper syn auto oan 'e kant fan 'e dyk setten hie, klopte de smearis al driftich op it rút. De kapitein koe syn rydbewiis net toane. Dêrom moest hy syn gegevens jaan.
Doe't de man mei de pet syn bertesdatum hearde, tocht de plysje dat hy sels dronken wie. It tsjinoerstelde wie lykwols wier. De kapitein wie nammentlik sa dronken as in doekje en hy hie tefolle drank hân om te hollerekkenjen. 17 desimber 1844 wie net oannimlik genôch om de skotoe te oertsjûgen.

















